Fergelykje Soarchfersekeringen

 

Hoe wurket ús fergeliker

Mei ús fergeliker kinne jo fluch en ienfâldich ferskate soarchfersekerders mei elkoar fergelykje en de fersekering fine dy’t it bêste oanslút op jo winsken. Hjirby kinne jo yn it loftermenu de bysûnderheden ynfolje dy’t op jo fan tapassing binne en ek jo foarkarren. Oan de hân fan dizze ynformaasje oarderet de fergeliker alle fersekerders dy’t foar jo fan betsjutting binne.

Hawwe jo de goede fersekerder fûn? Dan kinne jo der foar kieze om de fersekering fuortendaliks ôf te sluten mei de knop ‘Gean fierder’. Jo wurde dan ferwiisd nei de oanbelangjende pagina op de webside fan de soarchfersekerder. Jo kinne ek klikke op ‘Besjoch pakket’, dêr’t jo de mooglikheid krije om de fersekering noch fierder oan jo winsken oan te passen.

De resultaten yn de fergeliker steane standert sortearre op priis, wêrby’t de goedkeapste fersekering altyd boppe-oan stiet. Jo kinne der ek sels foar kieze om de resultaten te oarderjen op kwaliteit of alfabetyske folchoarder, troch dit te wizigjen yn it ‘Sortearje op’ kader lofts boppe yn ‘e hoeke fan de fergeliker.

As jo de goede fersekering fûn hawwe, wurde jo ferwiisd nei de webside fan de oanbelangjende soarchfersekerder. Hjir sille jo noch in oantal persoanlike bysûnderheden ynfolje moatte. Rekkenje der dus op dat jo de folgjende ynformaasje by de hân hawwe:

  • Jo boargerservicenûmer
  • Mooglike persoanlike bysûnderheden fan meifersekerden (partner, bern)

Ferplichte basisfersekering

Elkenien dy’t yn Nederlân wennet en/of wurket is wetlik ferplichte om jin te fersekerjen tsjin de medyske soarch dy’t him it meast foardocht. Dizze soarch is opnaam yn de basisfersekering. Under soarch dy’t faak foarkomt, falt ûnder mear de oanskaf fan medisinen en in mooglike besite oan in hûsdokter of in sikehûs.

Oare foarmen fan soarch wurde yn beheinde mjitte dutsen, bygelyks sikeferfier, paramedyske soarch en sommige toskhielkundige soarch. In fersekerder mei jo lykwols noait wegerje foar in basisfersekering. Dit is wetlik fêststeld.

Jo binne wetlik ferplichte in Nederlânske basisfersekering ôf te sluten yn de fjouwer moanne foar’t jo permaninte ferbliuwsfergunning fan krêft is. It is hjirby wichtich dat jo basisfersekering al aktyf is op it momint dat jo permaninte ferbliuwsfergunning yngiet.
Mochten jo te let in basisfersekering oanfrege hawwe, dan binne jo ferplichte de soarchpreemje foar dizze moannen mei weromwurkjende krêft te beteljen.
As der noch gjin beslissing naam is oangeande jo ferbliuwsfergunning, dan kinne jo foarearst gjin soarchfersekering yn Nederlân ôfslute. Dit jildt ek as jo al wol in autorisaasje foar tydlik ferbliuw hawwe.

In oantal fersekerders biede wol pakketten oan foar minsken dy’t nei Nederlân ferhúzje om te studearjen of te wurkjen. Om hjirfoar yn oanmerking te kommen, moatte jo oan de folgjende kritearia foldwaan:

  • Jo hawwe gjin Nederlânske soarchfersekering
  • Jo hawwe gjin permaninte ferbliuwsfergunning
  • Jo wenje op it stuit net yn in gasteferbliuw foar asylsikers

Dekking basisfersekering

W….Yn de fersekeringsbetinksten fan jo soarchfersekerder kinne jo yn detail weromsjen hokker soarch jo fersekerder dekt. Ek kinne jo hjir de betinksten weromlêze dêr’t de soarch ûnder dutsen wurdt, lykas hoe faak in behanneling fergoede wurdt en wannear’t jo bygelyks sels wat bydrage moatte oan in behanneling.

Hoewol’t guon betinksten by de iene fersekerder wat ôfwike kinne fan de oare fersekerder, kinne jo der yn de measte gefallen op rekkenje dat de folgjende soarch altyd yn it basispakket opnaam is:

  • Genêskundige soarch ûnder mear ferliend troch sikehûzen, medysk spesjalisten, hûsdokters en ferloskundigen
  • Medisinen en oare genêsmiddels
  • Medyske helpmiddels
  • Paramedyske soarch wêrûnder (beheind) oefenterapy of fysioterapy, ergoterapy, logopedy en dieetadvys
  • Toskielkundige soarch oant 22 jier
  • Spesjalistyske toskhielkunde
  • Keunstgebit
  • Sawol sikeferfier mei ambulânse as sittend ferfier
  • Sikehûsferbliuw
  • Maksimaal 3 IVF behannelingen (reagearbuisbefruchtingen)
  • Kreamsoarch

Eigen risiko

By in basisfersekering heart yn Nederlân ek in ferplicht eigen risiko. Foar 2016 is it ferplichte eigen risiko fêststeld op €385,-. Dit betsjut dat jo de earste €385,- oan soarchkosten yn it jier yn earste ynstânsje sels betelje. Dit bedrach jildt fierders de persoan en dus net de hûshâlding. It eigen risiko is te ferheegjen oant maksimaal €885,-. Yn ruil hjirfoar kinne jo in koarting krije op de soarchpreemje.

Der is lykwols ek soarch dy’t net ûnder it eigen risiko falt. Sa hoege jo bygelyks gjin ekstra kosten te beteljen foar in besite oan de hûsdokter, ferloskundige soarch en kreamsoarch. Foar bern oant 18 jier jildt fierders gjin eigen risiko. Ek is der gjin eigen risiko fan tapassing op toskhielkundige soarch foar jongeren oant 22 jier.

Oanfoljende soarchfersekering

T..De basisfersekering fergoedet net alle soarch. Dêrom kinne jo neist jo basisfersekering ek ien of mear oanfoljende fersekeringen ôfslute. As jo bygelyks hege syktekosten ferwachtsje of hawwe, dan is it handich om in oanfoljende fersekering te nimmen. It is ûnder oare mooglik om jo oanfoljend te fersekerjen foar ekstra fysioterapy, toskhielkundige soarch, soarch yn it bûtelân, revalidaasje yn in kueroard en ferskate soarten terapy.

Alle Nederlânske fersekerders biede oanfoljende fersekeringen oan neist de basisfersekering. Hjirby kin de gearstalling, dekking en priis tusken oanfoljende fersekeringen de fersekerder ferskille. Jo kinne in oanfoljende fersekering ôfslute by deselde fersekerder as fan jo basisfersekering, mar jo binne ek frij om te kiezen foar in oare fersekerder.

Soarchfersekerders meie sels útmeitsje hokker pakketten sy oanbiede en ûnder hokker betinksten. Dit komt omdat oanfoljende fersekeringen, yn tsjinstelling ta de basisfersekering, net opnaam binne yn de Soarchfersekeringswet. Hjirtroch mei in fersekerder jo ek wegerje foar in oanfoljende fersekering, of in hegere preemje fan jo freegje wannear’t jo âlder binne of as jo groanysk siik binne.

Natuera/restitúsje/kombinaasjepoalis

Wannear’t jo in soarchfersekering ôfslute, kieze jo hjirby ek foar in beskate poalis. Dit hat ferbân mei de manier wêrop’t jo soarchfersekerder jo fan de nedige soarch foarsjocht. Sa kinne jo by de iene fersekerder terjochte by elke soarchoanbieder (tink oan sikehûzen en hûsdokters), wylst de oare fersekerder allinne de soarch fergoedet fan soarchferlieners dêr’t de fersekerder ôfspraken mei makke hat oangeande de priis en kwaliteit.

By de measte fersekerders kinne jo kieze tusken in natuera- of in restitúsjepoalis. Ek bestiet der in tuskenfoarm, de kombinaasjepoalis neamd. Hjirûnder ljochtsje we de ferskillen koart ta:

Natuerapoalis

As jo kieze foar in natuerapoalis, hawwe jo tagong ta soarch by soarchferlieners wêrmei’t jo fersekerder in kontrakt hat. Jo hoege boppedat de kosten fan de soarch net foar te sjitten.
Trochdat jo fersekerder ôfspraken mei de soarchynstelling makke hat, betellet de soarchfersekerder rjochtstreeks oan de soarchoanbieders.Mochten jo dochs kieze foar in soarchoanbieder dy’t net kontraktearre is by jo soarchfersekerder, dan bestiet de kâns dat dizze soarch net (folslein) fergoede wurdt. Utsûndering op de regel is ferlienende help dêr’t haast by is. Hjirby kinne jo by elke soarchynstelling terjochte en wurde de kosten altyd dutsen, likefolle wa’t de soarch leveret.

Restitúsjepoalis

By in restitúsjepoalis kinne jo sels jo soarchoanbieder kieze. By dizze poalis sjitte jo de kosten fan de soarch sels foar. De nota kinne jo dêrnei trochstjoere nei jo fersekerder, dy’t de makke kosten dêrnei weromstoart op jo rekkening.

Kombinaasjepoalis

De kombinaasjepoalis is in soarchfersekering wêrby’t de natuera- en restitúsjepoalis kombinearre wurde. Jo kinne by dizze fersekering sels jo soarchoanbieder kieze. Wol hat de fersekerder mei ferskate soarchynstellingen ôfspraken makke, wêrtroch’t beskate soarch yn natuera fergoede wurdt, wylst jo oare soarch earst sels foarsjitte moatte sille.

Pro-Life poalis

Mochten jo op grûn fan religieuze oertsjûging tsjin abortus, embryoseleksje en eutenasy wêze, dan kinne jo der foar kieze dizze behannelingen út te sluten op jo soarchfersekering. Dizze poalis wurdt ek wol in pro-life poalis neamd.